Ynbrekker bedriget prostituee

03 nov 2011 - 09:38

In 28-jierrige Frjentsjerter hat woansdei yn Ljouwert in prostituee bedrige mei in bierfleske. De man wie de frou har wurkromte op de Ljouwerter Weaze binnenrûn en frege om jild. Dêrby drige er mei in bierflesse.

De prostituee, in 43-jierrige frou út Den Haach, belle de plysje dy't de man fuortdalik oanhâlden hat.

(advertinsje)