Stipe foar Polderhoofdkanaal

20 jun 2012 - 15:32

De provinsje stekt goed fiif miljoen euro yn de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. De steaten stimden yn mei de bydrage dy't brûkt wurde sil foar de realisaasje fan in ferbining tusken ferskate natoergebieten. Dy is nedich om de oanslach dy't de iepenstelling docht op de natoer yn it kanaal te kompensearjen.

Yn it Polderhoofdkanaal sitte bysûndere ynsekten dy't allinnich oerlibje kinne yn rêstich wetter. It kanaal rint fan De Feanhoap oant Nij Beets en moat yn 2015 weriepene wurde. De farrûte moat soargje foar tsientallen banen.

It wurk oan it kanaal duorret al jierren. It moast stillein wurde doe''t dúdlik waard dat der net genôch oan natoerkompensaasje dien wie.

(advertinsje)