Part Wâldwei skoftke ticht

20 jun 2012 - 14:45

De Wâldwei is yn de nacht fan woansdei op tongersdei foar in part ôfsletten foar ferkear. De dyk sil ôfsletten wêze fanôf knooppunt Werpsterhoeke yn de rjochting fan knooppunt Hemriksein. Op dat plak wurde bermôfsettings pleatst.

Fierder wurdt de berm ek meand. Omleidings wurde mei giele buorden oanjûn. De wurksumheden duorje fan woansdeitejûn sân oere oant tongersdeitemoarn 7 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)