Piet warskôget foar swier waar

Waarman Piet Paulusma warskôget ferkear en wettersporters tongersdei foar gefaarlike waarsomstannichheden. Der wurde swiere buien ferwachte mei min sicht, ûnwaar, hagel en pleatslik ek aquaplaning. It waar kin mooglik foar oerlêst en skea soargje.
It advys foar wettersporters is om tongersdeitemoarn in haven op te sykjen. De warskôging jildt foar de rivieren, marren, alle kustgebieten en it Waadgebiet.