Frou stelt út drogisterij

03 nov 2011 - 09:42

In frou út Ljouwert is woansdei yn Ljouwert betrape op stellerij út in winkel. Meiwurkers fan in drogisterij oan de Nijstêd seagen de 46-jierrige frou út Ljouwert mei in lege tas de winkel ynkommen en mei in folle tas wer fuortgean, sûnder dat se by de kassa west hie.

Doe't de befeiliger har oanspruts goaide se de tas fuort en naaide se út. De befeiliger koe har te pakken krije en hat har oan de plysje oerdroegen.

(advertinsje)