Fjouwer ynbraken yn Ljouwert

03 nov 2011 - 09:52

De plysje ûndersiket fjouwer wenningynbraken fan de ôfrûne dagen. Op it Cambuursterpaad yn Ljouwert waard it rút fan in wenning forsearre en in laptop, in cinemaset en ark stellen. Ut in skuorre oan de Sierksmastrjitte yn Ljouwert waard ark stellen.

By Tryater oan de Oostersingel waard in radio, in dvd-spiler en in kompûter stellen. Ut in wenning yn Drylts binne sieraden stellen.

(advertinsje)