Hendikepten bliuwe skielk thús

20 jun 2012 - 12:50

Sa'n 19.000 hendikepten bedarje achter de geraniums as de besuniging op it rolstoelferfier trochgiet. Dat seit Vereniging Gehandicaptenzorg Nederland. De fergoeding foar taksys wurdt fan 23 euro nei 8 euro ferlege en dat is foar in soad minsken net genôch om op it plak te kommen dêr't se frijwilligerswurk dogge.

Dat jildt bygelyks foar de hendikepte Coby van der Leeuw. Sy wennet yn Ljouwert en wurket yn Burdaard by it Multyfunksjoneel sintrum. As de besuniging troch giet, dan kin dat net mear. Van der Leeuw komt dan thús te sitten.

It Multyfunksjoneel sintrum ferliest dan in wurdearre wurkkrêft. Foarbylden as frou Van der Leeuw binne der neffens de Vereniging Gehandicaptenzorg in hiel soad.

(advertinsje)