Bosgraaf Metaal fallyt

Bosgraaf Metaal en Apparaten op De Jouwer is fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje hast 40 minsken. It bedriuw makket ûnder oare apparaten om tsiis, pizza's en wraps te meitsjen. Nei alle gedachten is it fallisemint it gefolch fan it eardere fallisemint fan in dochterûndernimming yn Ede. Dat bedriuw is yn koarte tiid bot groeid en de omset is achterbleaun.
De skulden dy't dêr makke binne wurde no ferhelle op it bedriuw op De Jouwer. Johan Weijenberg fan fakbûn FNV hat goeie hoop dat it bedriuw in trochstart meitsje sil.
Der soene ferskate gadingmakkers wêze om it bedriuw oer te nimmen. Tongersdei of freed moat dêr mear dúdlikheid oer komme.