Stipe foar Kulturele Haadstêd

Provinsjale steaten binne woansdei definityf akkoart gien mei de kandidaatstelling fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. In mearderheid fan PvdA, CDA, FNP, D66 en Friese Koers is foar de nominaasje. Dat komt fral troch de 'ommekear' fan it CDA. Nei eardere beswieren is dy partij no foar. Tsjin binne SP, VVD, PVV en, ferrassend genôch, ek de ChristenUnie.
De steaten hawwe yn prinsipe 11 miljoen euro beskikber steld foar de Kulturele Haadstêd. Wêr't dat jild krekt weikomme moat is noch net hielendal dúdlik.
De opposysjepartijen hawwe dêr grutte muoite mei. Dy hawwe deputearre steaten om dúdlikheid op koarte termyn frege.