Oprop oan Spies foar Taalwet

© ANP - Phil Nijhuis
It EBLT ropt minister Spies fan ynlânske saken op om it wetsfoarstel Gebruik Friese Taal gau troch te stjoeren nei de Twadde Keamer. Earder dizze maitiid hat de Ried fan Steat reagearre op it wetsfoarstel. Dêrnei soe it trochstjoerd wurde moatte nei de Twadde Keamer, mar de minister hat dat oant no ta noch net dien.
Omdat it tiid nimme sil ear't in nij kabinet hjir wer mei fierder giet fine de Fryske organisaasjes it fan grut belang dat de minister it wetsfoarstel foar it simmerreses nei de Keamer stjoert.
It EBLT hat twa wike lyn ek al oan de minister frege om dit te dwaan, mar oant no ta is der noch gjin respons op kaam. It EBLT
hat ek de foarsitter fan de fêste keamerkommisje foar ynlânske saken frege om yn aksje te kommen. Dy kommisje kin de minister om opheldering freegje as der gjin wetsfoarstel komt. It wetsfoarstel 'Gebruik Friese Taal' is begjin ferline jier presintearre troch âld-minister Donner. By it EBLT binne mei-inoar 21 Fryske en Nedersaksyske organisaasjes oansletten.