Bocht yn dyk by Werpsterhoeke

20 jun 2012 - 11:42

De N32 makket fan begjin nije wike ôf in ekstra bocht. In part fan de dyk tusken Ljouwert en It Hearrenfean wurdt der út helle om romte te meitsjen foar de nije ferkearsterp dy't der komme moat. Oer dizze terp komme yn de takomst ferskate diken te rinnen, dy't úteinliks it krúspunt Werpsterhoeke ferfange moatte.

It wurk oan it krúspunt duorret oant ein 2014 en makket ûnderdiel út fan de Heak om Ljouwert. Dat projekt moat der foar soargje dat it autoferkear makliker nei Ljouwert ta ride kin, mar ek makliker om Ljouwert hinne kin.

Trefwurden: 
autodyk Werpsterhoeke bocht N32
(advertinsje)