Restauraasje fan grêftrommels

20 jun 2012 - 11:12

Learlingen fan VMBO-grien fan AOC-Ljouwert restaurearje woansdei grêftrommels. Dat binne metalen blikken mei deksels fan glês dêr't krânsen yn lizze. Yn Ljouwert binne de measte grêftrommels fan it lân. Mar se binne der faak min oan ta. Dosint Jan Woudstra fynt it in goeie saak dat syn learlingen de trommels en krânsen skjinmeitsje.

Sa krije se wat mei fan it kulturele erfguod. De leerlingen wurde begelaat troch grêftrommelsaakkundige Evert Jan Halkus.

(advertinsje)