Fúzje NW-Fryslân kin yn 2015

20 jun 2012 - 11:05

De gemeenten It Bilt, Harns Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Ljouwerteradiel en Littenseradiel hawwe de ôfrûne wiken dwaande west mei ferkennende petearen oer de bestjoerlike takomst. Hjirút komt nei foaren dat It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en Ljouwerteradiel oan de slach wolle mei in bestjoerlike fúzje.

Mei in flotte proseduere soe dit al op 1 jannewaris 2015 kinne. De gemeente Harns is lykwols noch net op itselde gearwurkingsnivo. Dy gemeente sil mooglik letter by de oare partners oanheakje.

Littenseradiel liket earst noch net oan te heakjen by Noardwest-Fryslân. Sy wolle sjen nei in mooglike gearwurking mei Ljouwert of mei Súdwest-Fryslân. Begjin july wurde alle gemeenterieden ynljochte oer de kânsen, knelpunten en mooglikheden fan 'e ferskate gearwurkingsferbannen.

(advertinsje)
(advertinsje)