Man wol Sinees net betelje

20 jun 2012 - 10:57

De plysje hat tiisdeitejûn yn Drachten in man fan 30 út dat plak oanhâlden om't er de rekken fan de ôfhel-Sinees net betelje woe. De man hie iten besteld by it restaurant oan de Noarderbuert, mar doe't him frege waard te beteljen, wegere de man. De man hie al aardich wat drank op. Meiwurkers fan it restaurant bellen de plysje.

De plysje frege de man te beteljen of sûnder iten fuort te gean. Doe't de man beide net woe, is er oanhâlden. De man is oerbrocht nei it plysjeburo.

(advertinsje)
(advertinsje)