Man mishannele yn Antillenflat

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (49) is tiisdeitenacht mishannele yn syn eigen flat, de Antillenflat yn Ljouwert. Hy kaam om middernacht werom fan in jûn út en woe syn bromscooter op slot dwaan. In ûnbekende man pakte him doe fêst en sloech him tsjin de grûn. De man bewurke syn holle en lichem oanslutend mei in stroomstjitwapen. De dieder naaide út doe't it slachtoffer raasde en om help rôp.
De Ljouwerter is doe nei in dokter gien en hat oanjefte dien. Minsken dy't mear witte oer de mishanneling, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje
De plysje hat in sinjalemint fan de fertochte.