Warskôging foar cash trapping

20 jun 2012 - 10:40

De plysje warskôget minsken wach te wêzen op 'Cash Trapping'. Dit is in nije foarm fan stellerij by pinautomaten. Kriminelen sette in hast ûnsichtber metalen stripke op de klep foar de jildgleuf fan 'e pinautomaat. Hjirtroch wurdt it útkearde jild fêsthâlden. De bankpas komt wol werom, mar it jild bliuwt yn de automaat hingjen.

Pinners tinke dan dat de jildautomaat stikken is en rinne fuort. Op dat stuit komme de dieven om it jild te pakken. Hjirnei sette se de metalen strip wer werom.
Cash trapping is ûnder oare al tapast op it Saailân.

De plysje advisearret minsken dy't problemen hawwe mei in jildautomaat om fuortendaliks bankmeiwurkers of plysje op 'e hichte te bringen.

(advertinsje)