Frou ferwûne by ûngelok op A32

20 jun 2012 - 10:36

In frou (19) út Akkrum is tiisdeitenacht swier ferwûne rekke by in ûngelok op de A32 by Haskerdiken. De frou ferlear troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer, ried it talúd njonken de dyk op en bedarre mei har auto yn 'e sleat. In oare automobilist seach de brokstikken en it remspoar op 'e dyk en belle de helptsjinsten.

Dy fûnen de frou ûnder wetter yn 'e sleat. Se is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

(advertinsje)