3 Friezen slachtoffer phishing

20 jun 2012 - 10:28

Trije Friezen binne dizze wike slachtoffer wurden fan phishing. In Ljouwerter (62) hie problemen by it ynloggen op syn ynternetbankrekken. Hy fierde ferskate kearen syn gegevens yn en seach justjes letter dat der mei in spoedoerboeking 2800 euro fan syn rekken ôfskreaun wie.

In Warkumer (52) oerkaam itselde. Fan syn rekken ferdwûn 2000 euro. En ek in Drachtster (51) rekke troch deselde trúk jild kwyt. By him waard 50.000 euro fan de rekken skreaun. Alle trije slachtoffers hawwe oanjefte dien.

(advertinsje)