Nij platfoarm foar arbeidsmerk

20 jun 2012 - 09:41

De gemeenten yn Fryslân en de provinsje hawwe in nij platfoarm oprjochte om de regionale arbeidsmerk sterker te meitsjen. Hjiryn wurkje ûnder oare wurkjouwers, wurknimmers en it ûnderwiis gear. Doel is om yn te spyljen op sektoaren dêr't noch groei yn wurkgelegenheid te ferwachtsjen is.

De Ljouwerter wethâlder Andries Ekhart is foarsitter fan it platfoarm. Tongersdei set it geawurkingsferbân offisjeel útein.

(advertinsje)