FNP: stypje WK sportfiskjen

20 jun 2012 - 09:30

De provinsje moat it WK sportfiskjen foar froulju stypje. Dat fynt alteast de steatefraksje fan de FNP. It evenemint dat yn augustus hâlden wurdt is neffens de partij in kâns om Fryslân as wettersportprovinsje fierder op de kaart te setten. Mei in ynternasjonaal dielnimmersfjild soe it evenemint oanheakje kinne by de Kulturele Haadstêd.

De FNP freget it kolleezje fan deputearre steaten om in bydrage te leverjen oan it evenemint.

Trefwurden: 
WK froulju fiskje FNP sportfiskjen
(advertinsje)