Flyers geane wer nei de top

19 jun 2012 - 22:19

De Friesland Flyers dogge dit jier mei foar de lânstitel. Dat sei de nije koach Chris Eimers tiisdei by in presintaasje fan trije nije spilers oan de sponsors. Mei de komst fan de Nederlânske ynternasjonals en it nije bestjoer tinkt Eimers dat It Hearrenfean útgroeie kin ta it iishockeybolwurk fan Nederlân. Earder wurke hy ek foar de Flyers, mar doe wie neffens him de organisaasje net betrouber.

It nije bestjoer ûnder lieding fan Henk Hoekstra is dwaande om safolle mooglik sponsors oan te lûken. Fan de 63 sponsors stapten der fiif op.

Neffens it bestjoer is der in goed fûnemint om oan in sûne klup te bouwen. De trije ynternasjonals binne Jurryt Smid, Kevin Bruijsten en Tony Demelinne. Fierder waard bekend dat de Let Alexander Terjohins wer werom komt. Hy waard it ôfrûne seizoen út it team set omdat syn ferbliuwspapieren net goed wiene.

(advertinsje)