Frysk Olympysk plan ûntwikkele

De provinsje lûkt alle jierren dik in miljoen euro út om safolle mooglik Friezen oan it bewegen te krijen. Mei dat doel is it Olympisch Plan Fryslân opsteld. Dêr stiet yn beskreaun wat foar aksje de provinsje ûndernimme wol.
Sa moatte bygelyks minsken mei in beheining stimulearre wurde om oan sport te dwaan, moatte wurknimmers mear bewege en moatte Fryske kultuersporten ekstra stipe wurde.
It plan is ek bedoeld om draachflak te krijen foar it plan om de Olympyske Spelen yn 2028 nei Nederlân te heljen.
Om dat foar elkoar te krijen is it belangryk om in goed sportklimaat te skeppen yn it hiele lân, is de gedachte. Ek oare provinsjes ha sokke Olympyske plannen ûntwikkele.