Toplean foar Wander Blaauw

19 jun 2012 - 20:54

Bestjoersfoarsitter Wander Blaauw fan Zorgpartners Friesland, dêr't twa sikehûzen en tal fan soarchynstellings ûnder falle, is ien fan de bêst betelle bestjoerders yn de soarch. Dat docht bliken út ûndersyk fan it fakbûn Abvakabo FNV.

Neffens it ûndersyk fertsjinne Blaauw ferline jier dik 272.000 euro. Boppedat soe er in djoere auto op kosten fan de soarchorganisaasje ha. Soarchbestjoerders wurkje sûnt trije jier mei in koade dy't foarkomme moat dat se tefolle fertsjinje. Neffen Abvakabo FNV wurket dy koade net goed genôch.

(advertinsje)