Ombudsteam foar Friese Meren

De Fryske Marren
De takomstige gemeente De Friese Meren krijt no al in ombudsteam. It giet om in inisjatyf fan de PvdA. De partij hat al 130 fan sokke teams oprjochte yn Nederlân. De leden binne minsken dy't oaren helpe wolle dy't it paad sels net fine kinne yn de faak yngewikkelde regeljouwing fan bygelyks de gemeente of soarchorganisaasjes.
Neffens de PvdA is it belangryk dat krekt yn Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat sa'n ombudsteam komt. Want yn de oanrin nei de fúzje kin der in soad ûndúdlikheid ûntstean en oerlappe regels elkoar.