VVV Venlo wol Wout Droste

19 jun 2012 - 19:28

VVV Venlo hat fiergeande ynteresse om Wout Droste oer te nimmen fan Cambuur. De ferdediger hat noch in kontrakt foar in jier yn Ljouwert, mar kin foar in bepaald bedrach ferkocht wurde. Oer de hichte fan dat bedrach wol direkteur Gerald van den Belt gjin útspraken dwaan, mar it is fêstlein yn syn kontrakt.

Dêrneist driget Cambuur ek talint Mark Diemers kwyt te reitsjen. De jonge middenfjilder stiet yn de belangstelling fan FC Utrecht en FC Grins. Diemers spile noch gjin minút yn it earste fan Cambuur.

(advertinsje)
(advertinsje)