Hemmen op jacht nei earherstel

19 jun 2012 - 19:22

De nije Cambuur-spits Michiel Hemmen hopet by Cambuur revâns te nimmen op in dreech jier yn België. By Westerlo kaam de oanfaller hast net oan spyljen ta, mei troch in blessuere. By Cambuur, dat him foar ien jier fêstlein hat, wol Hemmen syn namme as goalgetter werom krije.

Hemmen spile yn it ferline ek by Volendam, Veendam en AGOVV. Benammen yn Apeldoorn, dêr't hy yn ien seizoen 20 kear skoarde, makke hy furoare. By Cambuur moat Hemmen de konkurrinsje oangean mei Martijn Barto.

Trefwurden: 
SC Cambuur Michiel Hemmen
(advertinsje)
(advertinsje)