Aris moat oan easken foldwaan

19 jun 2012 - 18:56

Basketbalferiening Aris út Ljouwert moat oan tal fan easken foldwaan om finansjele help fan de gemeente Ljouwert te krijen. Dat makke wethâlder Andries Ekhart tiisdei bekend doe't hy fan guon fans 165 hantekens oerlange krige.

Aris rekke yn de finansjele problemen doe't de haadsponsor ynienen ôfheakke. Ljouwert stelt him garant foar in liening fan 100.000 euro. Betingst is dat de klup yn jannewaris in slutende mearjierrige begrutting hat, dat Aris op syk giet nei sponsors en dat Ljouwert de finânsjens yn de gaten hâlde kin.

De gemeenteried moat moandei it útstel goedkarre. Manager Gert Schurer fan Aris kin him fine yn de betingsten fan Ljouwert. Hy hopet dat de liening sels net iens nedich is. Op dit stuit rinne der serieuze petearen mei in nije haadsponsor.

(advertinsje)
(advertinsje)