Oan de slach mei lege gebouwen

19 jun 2012 - 16:49

Se wolle in spoar fan gebouwen mei in nije funksje achterlitte. Stichting DBF, foarhinne Doarp en Bedriuw Fryslân, hat al 30 gebouwen yn eigendom. Se ha no ek yn Súdwest-Fryslân sân lege gebouwen op it each dêr't neat mei bart. De Stichting wol meitinke oer nije bestimmings en ek meifinansiere.

Yn Drylts giet it om de eardere boekhannel. Dy stiet no leech en der moat wat mei barre. Ynwenners fan Drylts ha hjir in plan foar betocht. De ideëele stichting DBF soe helpe kinne.

Yn Drylts hoopje se dat boatsjetoeristen tenei net fuortfarre, mar oanlizze. Wa't ek wachtet op boatsjes is Teade Yntema, de útbater fan it kafee fan Alde Leie. Mei help fan DBF is syn kroech fan 'e ûndergong rêden. Takommend jier moat de noardlike alvestêderûte hielendal klear wêze en hopet Yntema op in soad wettertoeristen.

(advertinsje)