Frachtwein bedarret yn de sleat by It Hearrenfean

© SR Fotografie
Op de Saturnus op It Hearrenfean is tongersdei oan it begjin fan de middei in frachtwein yn 'e sleat bedarre. Hoe't dat krekt barre koe is noch net dúdlik. Neffens de earste berjochten is de sjauffeur net ferwûne rekke. De brânwacht hat skermen om de frachtwein hinne pleatst, om foar te kommen dat de oalje út de kombinaasje him ferspriedt.