Drokke blomkemerk yn Ljouwert nei wiete start

10 maaie 2018 - 12:52

Foar de blommen wie it goed, mar foar de ferkeap net bepaald. De tradisjonele blomkemerk yn Ljouwert hie tongersdeitemoarn in soad lêst fan it minne waar. It reinde eins de hiele moarn en dat soarge derfoar dat der oan it begjin fan de dei net in soad besikers nei it sintrum fan Ljouwert kamen. De ferkeapers op de merk wiene dêr net wiis mei.

Middeis wie it lykwols drûch en fuort wie it yn koarte tiid razend drok yn it sintrum fan Ljouwert. Neffens de organisaasje is de rêstige moarn kwa omset yn de middei goed ynhelle. De ferkeapers en organisaasje binne dan ek foldien oer it ferrin fan de dei. Ek de sfear yn it sintrum wie neffens de organisaasje goed.

(advertinsje)
(advertinsje)