Fernijingen yn earedifyzje: "It wurdt in dreech kompromis"

It Abe Lenstra Stadion © ANP
Der binne noch in pear play-off wedstriden te gean, mar de fuotbalkompetysje is oer inkelde wiken dochs wier offisjeel ôfrûn. En dat betsjut dat der ek wer praat wurdt oer mooglike feroaringen yn de opset foar kommende seizoenen. Sa ek op it heechste nivo yn Nederlân: de earedifyzje. Woansdei kamen klupdirekteuren út it hiele lân yn Zeist gear om te praten oer herfoarmingen fan de kompetysje.
Der waard ûnder mear praat oer it ynfieren fan in 'Belgysk' kompetysjemodel en it ferbieden fan keunstgers. Algemien direkteur fan SC Hearrenfean Luuc Eisenga wie by de petearen: "Der binne fansels diskusjes oer hoe't wy de kwaliteit fan it fuotbal omheech helje kinne."
In Belgysk model soe mear play-offs hawwe, ûnder oare foar de top fiif as seis. Dochs is in beslút hjiroer noch net tichtby. "Hjoed hawwe wy alle rivieren en sleatten beneamd, en hoefolle wetter der noch trochhinne moat foardat je it dêroer iens binne," seit Eisenga. "De ferskillen tusken klups binne grut. De grutste trije kinne je net fergelykje mei in VVV of Roda, en ek net mei Hearrenfean. Dat wurdt tink ik in dreech kompromis."