Poëzijfestival by Nijetrine
De Rottige Meente yn Westellingwerf krijt der in poëzijfestival by: Poëzie in de Rottige Meente. In ferskaat oan dichters sil begjin septimber yn it natoergebiet by Nijetrine fersen foarlêze. Ut Fryslân sille Albertina Soepboer, Tsjibbe Hettinga en Johan Veenstra meidwaan. Under begelieding fan Steatsboskbehear wurde besikers mei in boat it natoergebiet ynbrocht.
Organisator Albert Haar sprekt fan in unike kombinaasje fan poëzij en natoer.