Argewaasje oer mooglike útspraken Van der Zwan

© ANP
De PVV hat keamerfragen steld oer útspraken dy't boargemaster Tjeerd van der Zwan dien hawwe soe.
Neffens PVV Keamerlid Harm Beertema wol Van der Zwan it ferplicht stelle dat basisskoallebern yn in moskee sjogge. De partij freget de minister fan OCW oft dy de útlittingen fan de boargemaster, lykas de PVV, ek net passend fynt. Fierder wolle se witte oft bekend is hoefolle skoallen in ferplichte besite oan in moskee hawwe foar harren learlingen.
Van der Zwan hat yntusken op syn twitteraccount in reaksje jûn. Hy skriuwt dat er nea sein hat dat de besite oan in moskee ferplichte wurde moatte soe.