Waylon komt nei Popcity yn Drachten
Oft hy de finale fan it Eurovisie Songfestival hellet is noch net wis, mar Waylon komt wol nei Drachten. Op snein 22 july sil de sjonger optrede op it fergeze festival Popcity. Poppoadium Iduna hat ek Kraantje Pappie witte te strikken foar it festival. De iepening fan it festival wurdt fersoarge troch de winner fan de Kleine Prijs fan Fryslân.