Militêren nei Dokkumer Nije Silen

In militêr op de fleanbasis yn Ljouwert © ANP
De Luchtmobiele Brigade út Assen oefenet nije wike by it slûzekompleks Dokkumer Nije Silen.
Twa dagen lang wurde der militêren mei helikopters ôfset yn de buert fan it kompleks. Dêrnei wurdt der op it kompleks sels oefene. Dêrby wurdt ek oefenmunysje brûkt, sadat it klinke sil of dat der sketten wurdt. De oefeningen binne nije wike tiisdei en woansdei. Op deselde dagen wurdt ek oefene by it eardere krûdfabryk fan Mûntsjesyl.