Kuierders bliid mei rein op tredde dei Alvestêdetocht

10 maaie 2018 - 09:45

Nei twa dagen fan moai waarm kuierwaar moatte de dielnimmers oan de alvestêdekuiertocht tongersdei de ponsjo's út de tas helje. De fanatike alvestêderinners binne op de tredde dei fan de tocht ûnderweis fan Warkum nei Frjentsjer. Dit is in tocht fan yn totaal 42 kilometer.

It is ek de earste kuierdei foar de dielnimmers dy't meidogge oan de trijedaagse ferzje fan it evenemint. Dizze kuierders rinne de helte fan de rûte. De minsken dy't ien dei meirinne heakje sneon pas oan, as de tocht fan Dokkum nei Ljouwert giet.

Rein

De kuierders binne tongersdei tige wiis mei it reinige waar, om't dit neffens harren lekkerder kuierwaar is as de waarmte fan de ôfrûne dagen. Guon sizze dat se lêst hân hawwe fan stosân. Dit is mei de rein no folslein fuort. De dielnimmers moatte noch eefkes trochbite, want der stiet nei dizze dei noch 72 kilometer op de planning.

Trefwurden: 
alvestêdekuiertocht
(advertinsje)
(advertinsje)