Fragen oer tafersjoch op sâltliedingen yn Fryslân

Struisâlt
In tal partijen yn Deputearre Steaten wol fan deputearre Michiel Schrier witte hoe't it mei it tafersjoch op sâltliedingen yn Fryslân sit.
Oanlieding foar de fragen is it ekstra tafersjoch dat it Staatstoezicht op de Mijnen op liedingen fan AkzoNobel yn Grinslân ynsteld hat. Yn dy liedingen hawwe lekkaazjes west, krekt as yn de boarputten op de sâltkoepels. SP, FNP, Partij voor de Dieren en GrienLinks wolle no witte hoe't it tafersjoch yn Fryslân regele is en oft der hjir ek lekkaazjes west hawwe.
De partijen sels wize op it stillizzen fan it boarjen nei sâlt by Tsjummearrum, ferline jier fanwege in lekkaazje.