Plysje siket tsjûgen fan hurde knal Ryptsjerk

(fotofoarbyld)
De plysje siket minsken dy't mear witte oer it ôfstekken fan fjoerwurk, woansdeitemiddei yn Ryptsjerk. Om healwei ienen hinne waard der fan in fytspaad ôf fjoerwurk rjochting in skoalplein smiten. Dat soarge foar sa'n lûde knal, dat de learlingen bot skrokken. De plysje hopet no op ynformaasje, sadat de dieder of dieders oanhâlden wurde kinne.