Gemeente Ljouwert meant minder foar moaiere natuer

© Hans Kuipers
De gemeente Ljouwert sil syn plantsoentsjes folle minder faak meane. Oant no ta waard dat faak sa'n tritich kear yn it jier dien, dat wurdt yn de rin fan dit jier werombrocht nei mar sa'n fiif kear yn it jier. De gemeente hopet sa it ferskaat oan blommen en bisten yn de plantsoentsjes te fergrutsjen. Ljouwert tinkt dat it wol even wennen wêze sil, mar tinkt dat it der úteinlik moaier fan wurde sil.