Streppel nei 4-3 winst: "Raymond Ceulemans is er niets bij"

10 maaie 2018 - 08:18

It wie genietsje woansdeitejûn foar de neutrale fuotbalfan. De wedstriid tusken Sportklup Hearrenfean en FC Utrecht hie it allegearre: kaarten, drama, en goals. Hearrenfean wûn de spannende earste wedstriid fan de play-offs om Europeesk fuotbal úteinlik mei 4-3.

Ek de spilers koene it spektakel wurdearje: "De eerste helft was ik volop aan het genieten," fertelt ferdediger Denzel Dumfries nei ôfrin fan de wedstriid,"Maar ik wist toen ik de kleedkamer in ging dat wij dit seizoen te vaak een voorsprong hebben weggegeven."

Opfallend wie it spul fan Hearrenfean, dat dizze wedstriid like te spyljen mei in stik mear passy en striid. Neffens trainer Streppel wie dêr lykwols net spesifyk op ynset.: "Soms is het er wel, en soms is het er niet. Vandaag waren we er klaar voor in de eerste helft."

Karamboal

De foarsichtichheid fan Dumfries wie net foar neat, sa die al gau bliken yn de twadde helte. "De tweede helft begonnen wij goed, maar daarna verloren wij het initiatief en kwamen zij op 3-3 en dat was niet goed." Streppel baalde as in stekker fan de goals fan Utrecht, en benammen fan de wize wêrop't se makke waarden. "Hoe die ballen erin gaan...Raymond Ceulemans is er niets bij, het leken allemaal wel caramboles."

En it barde op in momint yn de wedstriid dat Utrecht mei tsien man spile. "Ik denk dat als wij met een man meer staan, dat ze niet eens rond onze zestien mogen komen," murk Dumfries op. Mar it fertrouwen en de bravoer bleau nettsjinsteande de tsjingoals oerein. "Ik dacht wel, we gaan dit sowieso niet verliezen en misschien kunnen wij nog een goaltje meepikken."

Return

De Feansters nimme no in krappe winst mei nei de return yn Utrecht, dêr't opnij in fûle striid ferwachte wurdt. "Je hebt gezien dat wij goed mee kunnen doen met Utrecht, en ik zie in deze wedstrijd geen favoriet. Ik denk dat het weer een open wedstrijd wordt", aldus Dumfries.

(advertinsje)
(advertinsje)