Kollum: "De Winter"

10 maaie 2018 - 08:25

"It wie dizze wike sok moai waar, dat ik eigentlik allinnich mar sin haw om de maitiid te beskriuwen yn dizze kollum. De stêd dêr't ik wenje makket in metamorfoaze mei, sa rûn dizze tiid fan it jier. Ik hearde it earste toersweltsje, it lûd fan de maitiid, en iere simmer. Sa faak ynset yn films dat it lûd fan it toersweltsje hast de soundtrack fan de simmer yn Europeeske stêden wurden is.

En al it grien dat útbarst, dat grien dat sawat seis moannen fuort wie en no de hiele stêd sa fris as kraanwetter makket. En dan de ipen hjir, de blossem dy't om de fitsers en auto's hinne dûnset, de 'springsnow', of natuerlike konfetty fan 'e maitiid, hast ûnseedlik, sa útbundich. Maaie is wier myn favorite moanne yn it jier, en mei sok waar kom ik eagen tekoart.

Wêrom't ik yn dizze moanne myn eagen noch op Leon de Winter lein haw, is my dan ek in riedsel. Hy siet by WNL op Zondag, en sei doe dit oer presidint Trump fan de Verenigde Staten...

"Op dit moment is hij populairder in de Verenigde Staten dan Obama op hetzelfde moment in het presidentschap."

De Winter siet by WNL omdat der wer gedoch wie oer Trump, en De Winter is de iennige konservative rjochtse Nederlânse publisist dy't oer Amearika praat. Gedoch oer Trump is der alle dagen, mar it wurdt hieltyd gekker. Sa wie der syn eigen advokaat, Giuliani, dy him tsjinspruts en him yn 'e problemen brocht, nota bene op de stjoerder dy't altyd goed mei Trump foar hat, Fox News.

Presintator Rik Nieman twivele noch even oan 'e sifers fan De Winter, mar...

"Dit zijn de keiharde cijfers," sei De Winter.

Ik haw it eefkes opsocht. De âldste 'presidential approval rating' is dy fan George Gallup, ynstelt yn 'e jierren tritich. De Gallup Poll is ek de bekendste fan de mear as tweintich polls dy't der yn de VS binne. Se binne aaklik krekt yn harren wurk en steane bekend om harren presizens. Dus dat is myn plak om de feiten te tsjekken.

Donald Trump hat yn de poll fan twa wiken lyn in 'approval rate', in goedkarring, fan 42%, wylst Obama op itselde momint yn syn presidintskip op 48% sit. Trump stiet tegearre mei Jimmy Carter trouwens it leechst fan allegearre op dit momint. De konklúzje wie simpel: Leon de Winter eamelet mar wat.

De Winter twittere deselde middei noch: guon leauwe my net, en hy sette dêr in foto by fan in grafykje dêr't yn stie 'Trump 51%' en 'Obama '48%'. Gjin bron, gjin útlis, mar wol de brette hoanne úthingje.

It liket der sterk op dat De Winter him basearret op de Rasmussen Report. Mar sawol Washingont Post, CNN as New York Times set grutte fraachtekens by de betrouberens fan Rasmussen. Mar hey, dat binne fansels de linkse media, die hoege wy net te leauwen. Rasmussing is in pollingbedriuw dat wol 'the gold standard in the conservative world' neamd is.

Tsja. As der twa wrâlden bestean, dan binne der twa ferzjes fan de wierheid: ien fan Gallup en ien fan Leon de Winter, WNL, Rasmussen en Trump. En krij dy mar ris byinoar.

'Keiharde cijfers'. Ek De Winter moast tajaan dat it hiele establishment yn Washington him ûndertusken keart tsjin Trump. Dat fine Trump-oanhingers allinnich mar moai en goed, want it establishment moat kapot, omdat... ja, no ja, gewoan, it moat kapot omdat se tinke dat der mear nei harren takomt at der minder nei it establishment giet. In naïve redenaasje.

Mar ik gean der ek net fanút dat De Winter nocht hat om it oer Gallup en Rasmussen te hawwen, en ik haw gjin nocht om it oer de populariteit fan Trump versus de populariteit fan Obama, en wol krekt op DIT momint yn it presidintskip te hawwen. Al wie it mar om't it gjin fluit útmakket. It binne twa wrâlden. Hy syn De Winter-wrâld, en ik myn foarjierswrâld."

(advertinsje)
(advertinsje)