Iepening At the Watergate yn Snits lûkt tûzenen taskôgers

09 maaie 2018 - 23:08

Tûzenen muzykleafhawwers hawwe woansdeitejûn by de iepening west fan it festival At the Watergate yn Snits. Foar de Wetterpoarte wie op it wetter fan De Kolk in poadium boud, dêr't it Noordelijk Orkest Collectief in optreden joech mei ferskate sjongers en sjongeressen. De kaden stiene fol mei minsken en ek op it wetter waard it konsert besjoen troch in soad boatsjeminsken.

At The Watergate duorret oant en mei freed en lûkt 6000 jonge ynternasjonale muzikanten nei Snits en omkriten. Der binne woansdei, tongersdei en freed ferspraat oer 30 poadiums yn totaal 1000 optredens.

Trefwurden: 
At the Watergate Snits
(advertinsje)
(advertinsje)