SC Hearrenfean wint spannende earste wedstriid fan Utrecht

09 maaie 2018 - 22:39

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn in spannende earste wedstriid fan de play-offs om Europeesk fuotbal wûn fan FC Utrecht. Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean rekkene de ploech fan trainer Jurgen Streppel mei 4-3 ôf mei de besikers út Utrecht.

Sterk begjin

Yn de earste helte wie Hearrenfean oppermachtich. Al nei njoggen minuten lei de bal foar it earst yn it net troch in frije traap fan Yuki Kobayashi. In kertierke letter wie it 2-0. Reza Ghoochannejhad kopte binnen út in foarset fan Arber Zeneli. Mei dy twa doelpunten gie Hearrenfean it skoft yn. Gyrano Kerk krige krekt foar rêst noch in kâns foar Utrecht, mar keeper Hansen koe in doelpunt foarkomme.

Utrecht komt werom

Yn de twadde helte wreide Sportklup Hearrenfean de skoare fierder út. Daniel Høegh kopte yn de 48ste minút de 3-0 tsjin de touwen, út in frije traap fan Zeneli. Troch de trije doelpunten fan de Feansters like de winst feilich, mar neat wie minder wier. Yn de 50ste minút skoarde FC Utrecht foar it earst, Zakaria Labyad makke de 3-1.

In kertierke letter wie it deselde Labyad dy't ek de 3-2 notearre. In fan rjochting feroare skot fan Urby Emanuelson betsjutte dat de wedstriid wer yn it lykwicht kaam: 3-3. Lange tiid like de wedstriid ek sa te einigjen, oant Denzel Dumfries yn de 87ste minút de winnende treffer makke: einstân 4-3.

Return

Takom sneon is de twadde wedstriid, dan moat Sportklup Hearrenfean yn aksje komme yn de Galgenwaard yn Utrecht.

SC Hearrenfean - FC Utrecht 4-3 (2-0) 9. Kobayashi 1-0, 23. Ghoochannejhad 2-0, 48. Høegh 3-0, 50. Labyad 3-1, 63. Labyad 3-2, 65. Emanuelson 3-3, 87. Dumfries 4-3. 

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen, Dumfries, Høegh, Bulthuis, Pierie, Kobayashi, Thorsby, Van Amersfoort (72. Rojas), Ghoochannejhad (88. Hornkamp), Veerman, Zeneli.

(advertinsje)