Jan Schulting wurdt nije haadtrainer FVC Ljouwert

09 maaie 2018 - 21:58

Jan Schulting, de heit fan shorttrackster Suzanne Schulting, wurdt de nije haadtrainer fan de Ljouwerter fuotbalklup FVC. Dat hat de klup woansdeitejûn) bekend makke. Schulting hat in kontrakt foar ien jier tekene by FVC en folget Johan Groote op, dy't nei dit seizoen ophâldt as haadtrainer.

Schulting, âld-fuotbalprof fan ûnder mear Sportklup Hearrenfean, is gjin ûnbekende by FVC. Begjin njoggentiger jierren stie hy ek al oan it roer fan it earste alvetal fan de Ljouwerters.

(advertinsje)