Harkemase Boys pakt thúsoerwinning tsjin Jong FC Grins
Fuotbalklup Harkemase Boys hat woansdeitejûn de thúswedstriid tsjin Jong FC Grins mei winst ôfsletten. Op De Harkema waard it 2-1 yn it foardiel fan de thúsploech. Al nei tsien minuten waard de earste treffer fan de gasthearen notearre; Kellian van der Kaap wie de doelpuntemakker. In kertier letter ferdûbele Berwout Beimers de tuskenstân yn it foardiel fan Harkemase Boys.
De oerwinning fan Harkemase Boys kaam nei rêst yn earste ynstânsje net echt mear yn gefaar. Jong FC Grins makke noch wol de oanslutingstreffer; Tim Waterink skoarde yn de 69ste minút foar de Grinzer besikers. Doe't Jens Jurn Streutker fan Harkemase Boys goed tsien minuten foar de ein read krige, waard de slotfaze noch spannend. Yn de 89ste minút makke Jong FC Grins noch hast lyk, mar keeper Erick Jansema koe de bal fan de line pakke.
Harkemase Boys - Jong FC Grins 2-1 (2-0) 10. Kellian van der Kaap 1-0, 26. Berwout Beimers 2-0, 69. Tim Waterink 2-1.