Boer befeiliget swannenêst 24 oeren deis mei boukamera

09 maaie 2018 - 20:56

It best befeilige swannenêst fan Fryslân leit op it stuit yn it lân fan boer Johan Monkelbaan fan Jonkerslân. De boer hat in grutte boukamera pleatse litten, om't it swannenêst de lêste fiif jier hieltyd fernield is. Monkelbaan woe dat net nochris meimeitsje en gie oer op de swiere en benammen djoere maatregel. "It kostet wol aardich wat, ja. Yn it begjin tocht ik: ik doch it net, want it kostet tefolle. Mar it smyt safolle mear wille op yn it wurk, dat je de swannen mei piken yn it lân sjogge. Boppedat fyn ik it belangryk dat we as boeren oan natuerbehear dogge."

Monkelbaan ferwachtet dat de fjouwer aaien oer sa'n twa wiken útkomme sille. Oant dy tiid bliuwt de boukamera der by stean. Yn in meldkeamer wurde de bylden 24 oeren deis besjoen troch in befeiligingsbedriuw. Om de hege kosten wat te drukken, hopet Monkelbaan sponsoaren te finen dy't in bydrage leverje wolle.

Trefwurden: 
nêst boer Jonkerslân
(advertinsje)
(advertinsje)