Wethâlder wol net yngean op krityk om sluting Spiker hinne

Wethâlder Esther Hanemaijer fan de gemeente Dongeradiel wol net yngean op de beskuldigingen fan ûndernimmer Simmy de Vries fan Ternaard oer de gong fan saken om it behâld fan fersoargingshûs Spiker hinne. De Vries hie plannen yntsjinne, om it gebou yn Ternaard oan te passen, mar dy soene bewust net yn in advysrapport telâne kaam wêze. Se hâldt Hanemaijer dêrfoar ferantwurdlik, mar dat is neffens de wethâlder net terjochte. "Dat is iets tussen de ondernemer en de eigenaar van het pand, de KwadrantGroep", seit Hanemaijer.
De gemeente waard ferline jier troch de Wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard benadere, om te helpen ta in oplossing te kommen oer de sluting fan it fersoargingshûs. Der is in stjoergroep oprjochte mei KwadrantGroep, Wenningkorporaasje Thús Wonen, De Friesland Zorgverzekeraar, de Wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard en de gemeente Dongeradiel. Ek waard der in ûnôfhinklik adviseur oansteld. Neffens De Vries wie dy lykwols net ûnôfhinklik en stie it al lang fêst dat der nijbou komme moast. Dat soe it meast duorsum wêze.
Ferfolchfaze
Neffens Hanemaijer is de stjoergroep hiel tefreden oer de útkomsten fan it advysrapport. "We hebben vandaag de opdracht voor een vervolgfase uitgezet. Eind oktober van dit jaar verwachten we een concrete invulling te hebben voor het terrein van de Spiker."