FIDEO: De weropbou fan skûtsje Sterke Jerke (3)

09 maaie 2018 - 18:27

De ôfrûne twa dagen koene je sjen hoe't de bemanning fan IFKS-skûtsje Engelina Smeltekop keas foar in oerstap nei de grutte klasse. Dat fereaske ek in grutter skip, de Sterke Jerke, dat dizze winter troch de silers sels werombrocht is yn tradisjonele steat. It wie in hiele put mei in flinke deadline, want tongersdei set de earste krêftmjitting fan it Skûtsjeseizoen útein en dan moat de Sterke Jerke sile.

Yn Fryslân Hjoed woansdei in petear mei skipper Pieter Jilles Tjoelker en bemanningslid en syn suster Jildou Tjoelker. Sy skowe oan om foarút te sjen op it seizoen.

Moandei waard diel 1 útstjoerd oer de weropbou fan it skûtsje Sterke Jerke en tiisdei diel twa

(advertinsje)