Peazemer pier bedrige

De pier by Paezens-Moddergat moat noch dizze simmer opknapt wurde. Oars sille parten fan 'e pier fuortspiele troch it geweld fan 'e Waadsee. Wetterskip Fryslân sil 350.000 euro útlûke foar it wurk, dat foar in grut part bestiet út asfaltearjen. De oardel kilometer lange pier leit der om de seedyk te beskermjen tsjin it sâlte wetter.
It is in wichtige wetterkearing en ek in promenade dêr't in soad minsken gebrûk fan meitsje. Der moat wat dien wurde, want de gatten sitte yn it asfalt en dêrtroch kin it sân ûnder de pier fuortspiele.
It wurk moat foar 1 oktober klear wêze want dan begjint it stoarmseizoen.