LIVE: IepenUP #winning

09 maaie 2018 - 19:00

Gjin Nobelpriis foar de literatuer dit jier, mar wol de IepenUP Awards! Se wurde woansdeitejûn útrikt yn Ljouwert. In jûn fol moaie en oprjochte ferhalen fan minsken dy't wat bysûnders dien ha. In lytse of grutte aksje, wêrmei't se harren omjouwing in stikje moaier makke ha. Saken dy't we faak normaal fine en dy't net yn de krante stean, mar dy't in grutter publyk fertsjinje.

Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP
(advertinsje)